Tablet Café yn Wommels

Om moandei 2 oktober om 14.00 oere start it Tablet Café yn de bibleteek yn Wommels. De iepening wurdt dien troch wethâlder mefrou Reijndorp. It Tablet Café is in moetingsplak foar senioaren dy’t in eigen tablet of smartphone hawwe. Freegje jo jo wol ris ôf hoe’t je ek al wer in app ynstallearje of ferwiderje moatte of hoe’t je in e-book der op sette? Hawwe jo ek allerhande fragen oer jo tablet of smartphone, of wolle jo der mear úthelje? Dan is it Tablet Café wat foar jo.

Frijwilligers oanwêzich

As it Tablet Café iepen is, binne der frijwilligers dy’t jo stypje. Dat alles yn in noflike sfear en fansels mei in bakje kofje/tee. Dielname is fergees en jo hoege jo net oan te melden. Foar alle dúdlikens: it is gjin kursus.

Earste en lêste moandei fan de moanne

It Tablet Café is fan 2 oktober 2017 ôf de earste en lêste moandei fan de moanne fan 14.00 – 15.00 oere yn de bibleteek fan Wommels. Jo stappe wannear’t it jo útkomt op ien of mear fan dy moandeis nei binnen. Nim yn alle gefallen jo eigen opladen tablet of smartphone mei en in Apple-ID of Googleplaystore-ID.

It Tablet Café is ta stân kaam troch in gearwurkingsferbân tusken it Senioren Platform Littenseradiel, de gemeente Littenseradiel, SeniorWeb Zuidwest Friesland, de Bibliotheek Wommels en de frijwilligers, wêrûnder de MIK. Sjoch foar aktuele ynformaasje ek op de website fan de bibleteek Wommels.