T-shirts Easterein Rocks te keap

(oanlevere troch Easterein Rocks)

Der ek al sa’n nocht oan? De doarpsfeesten en dan fansels ek oan Easterein Rocks?! Ek no hoopje wy wer in ferrassende jûn del te setten mei (hast) alle muzikale talinten dy’t Easterein ryk is! Noch in pear wiken en dan is it alwer safier: Easterein Rocks 4!!

 

Te keap: t-shirts!

Lykas by de earste edysje ferkeapje we ek dit jier wer t-shirts fan Easterein Rocks. Der is in hearemodel en der is in damesmodel.

 

Bestel dyn t-shirt foar 10 juny!

Bestelle kin fia de webside fan www.eastereinrocks.nl of stjoer in e-mail mei it oantal, dames as herenmodel en dyn maat nei amarinsdehaan@gmail.com. De t-shirts binne € 10,- it stik en kinne ophelle en betelle wurde op sneon 22 juny yn De Tsjerne (mei de opjefte fan de spultsjes ensf.) Ferjitten te bestellen? Gjin need. We ferkeapje ek noch shirts op 22 juny yn De Tsjerne en op woansdei 26 juny yn it skoft fan Easterein Rocks. Mar wit wol: op = op!

Easterein_Rocks_schetsen-def