Swimstrûs-yn yn swimbad de Klomp

Woansdei 26 augustus organisearret buertsportwurker Lammert Harkema  yn gearwurking mei de Klomp, sportsintrum Akkermans en wensintrum Nij Stapert in swimstrûs-yn (zwem instuif) foar de bern fan groep 3 oant groep 8. Swimme en oare aktiviteiten lykas wurkshops wikselje mekoar ôf op dizze middei. De bern fan groep 3 oant en mei 5 starten om 14.30 en de bern fan groep 6 oant en mei 8 starten om 16.00 oere. Dielnimme oan dizze strûs-yn is fergees