Stimme foar buordoarp Itens / Nim it sa it is foar Man Bijt Hond Oscars

Toanielferiening Nim it sa it is makket kâns op de Man Bijt Hond Oscars. Sy hawwe in scene út Moulin Rouge opnaam en moatte it opnimme tsjin folle gruttere plakken. Wy kinne harren wol efkes helpe, of net? De scene is opnaam yn Easterein, dus in ekstra reden om efkes te stimmen.

Stimme kin hjir. De scene is dêr fansels ek te sjen. Oanrieder!