De staasjejildaksje foar it 2de keatskamp fan de KF Easterein, hat € 261 euro opsmiten. De jeugd fan de KF is yn de moanne april tige warber west om flessen en kratten op te heljen. Dat hat in moai bedrach opsmiten wat allegear ten goede komt oan it keatskamp. De cheque is tongersdeitejûn nei de geselliche bûnte jûn oerlange oan de haadlieders fan it keatskamp troch it jongste lid fan de KF. Brecht Stegenga.