Freed 11 novimber. De nammedei fan St. Maarten. Beskermheilige fan reisigers, keaplju, earmen, biddelers ensh. Op syn nammedei krigen de bern fry fan skoalle en wie it gewoante om harren te trakteren. Frij fan skoalle krije se net mear mar der wurd noch wol trakteare. Freedtejûn fanôf 18.00 oere rinne der wer bern yn lytse groepkes troch de strjitten fan Easterein mei harren lampions om snobbesguod te bemachtigjen.