Der binne bij ferskate sportakkomodaasjes yn Littenseradiel oanpassingen dien troch de gemeente Littenseradiel yn it ramt fan duorsumheid. Sa ek bij sporthal De Greidhoeke yn Easterein wêr’t de TL-ferljochting yn de seal ferfongen is troch LED-ferljochting. Hjirtroch sil de hal sa’n 40 oant 50% minder stroom ferbrûke.
Ek binne der 118 sinnepanielen op it dak pleatst dy’t de sporthal fan stroom foarsjen sille, dit moat genôch wêze om de sporthal elektrisiteitsneutraal wêze te litten.