Sport- en spelstrûs-in yn de sporthal

Moandei 20 febrewaris organisearret Lammert Harkema, buurtsportcoach fan de gemeente Littenseradiel, yn gearwurking mei ferskate sportferienings foar de bern fan de legere skoallen fan Littenseradiel in sport- en spel strûs-in yn de sporthal fan Easterein. De bern kinne op dizze dei ferskate beweeg- en sportaktiviteiten dwaan, bygelyks dûnsje, bumperbal, turnen, foljebal, whipe out sweeper en keatsen. Om 09.30 – 11.00 wurde de bern fan groep 3 o/m 5 ferwachte en om 11.00 – 12.30 oere de bern fan groep 6 o/m 8. De bern hoege harren net op te jaan foar dizze strûs-yn. Eltse 20 minuten start der in nije rûne. De tagong is € 3,00

O