Sport- en spel strûs-in yn de Greidhoeke

Schermafbeelding 2015-02-22 om 21.04.05Op tiisdei 24 febrewaris organisearret Lammert Harkema, buurtsportcoach Littenseradiel, yn gearwurking mei ferskate sportferieningen in sport- en spel strûs-in op 3 plakken yn de gemeente. Op tiisdei 24 febrewaris is de strûs-in yn de sporthal fan Easterein foar de bern fan de legere skoalle. Der binne ferskate aktiviteiten, bygelyks judo, foljebal, dûns, gymnastiek ensh. It begjint om 13.00 oant 14.30 foar de bern fan groep 3 oan en mei 5 en om 15.00 oant 16.30 foar de bern fan 6 oant en mei 8. Tagong is € 2.00