Ferline jier binne der in moai soad dielnimmers yn it gat bebiten.Ha se yn tûzen noeden sitte. Se ha meidien oan de spoeketocht organiseare troch jeugdhonk de Tsjerne. Ek dit jier, op 15 novimber, sil Easterein wer fol rinne mei dracula’s, spoeken, ensh. om de dielnimmers in skrik op ‘e lea te jeie. Doare jim it oan en ha jim in sterk hert? Jou jim op foar sneon 8 novimber fia info@detsjerne.nl. Opjefte mei yndividueel as yn in groep mei max. 8 persoanen. Bern fan groep 7/8 moatte ûnder begelieding.