Nei in tige slagge spoeketocht ferline jier, wol de jeugdsoos de Tsjerne ek dit jier wer in spoeketocht organisearje. Dit barren sil plakfine op sneon 12 novimber. Meidwaan kin fanôf groep 7 fan de legere skoalle oant 88 jier. De bern fan de legere skoalle moatte wol ûnder begelieding. Begelieding moat sels regele wurde en trochjûn wurde by opjefte.
De opjefte yn groepen fan max. 8 persoanen. Yndividuele opjefte mei ek. De kosten binne €5,00 euro per persoan. Opjefte fia info@detsjerne.nl. De fertrektiid wurd foar 9 novimber oan de kontaktpersoan trochjûn.
Meidwaan op eigen risiko