Op snein 15 juni om 10.00 oere fint der in oecumenische hagenpreek plak op Kromwâl by Britswerd fan de Protestoanske gemeete Easterein, de RK parochie fan Reahûs en de Doopsgezinde gemeente de lytse streek.
Op it plak wer de earste Dopers ferhoalens byelkoar kamen, fieren de tsjerken no yn de iepen loft in oecumenische fiering. Der is noch wol wat werwerom te fienen ùt de skiednis yn de opstelling fan de stuollen. De froulju sitte yn it midden en de manlju de beskermend omhinne. In typyske hagenpreekopstelling.