Op tiisdeitejûn 26 april is der in spektakulaire survivaltocht troch de buorren. Giesto dizze útdaging oan en dochsto ek mei? De earste oanmeldings binne der al. Der kinne maksimaal 75 dielnimmers meidwaan. Jou dy dus gau op fia info@oranjeenheitelan.nl.
Oerlis efkes mei dyn freonen en jou jim gesamenlik op, wol sa gesellich. Natuerlik is der nei de tiid ek in drankje yn de Skoalleseize.
- Wannear: tiisdei 26 april 2016
- Tiidstip: fanôf 18.30 oere by de Skoalleseize
- Meidwaan: fanôf 12 jier
- Ynlis: € 3,- per persoan
It is foar elkenien fanôf 12 jier, dus it is dit kear ek foar folwoeksenen!
Mear ynformaasje folget, mar wachtsje net te lang mei opjaan, want fol = fol.
Groetnis,
Oranjeferiening Oranje & Heitelân
Abe Jan, Boudewijn, Ruurd, Klaas, Jelte, Marco, Gea, Vera en Tineke