Op woansdei 6 april is der in referindum oer it assosjaasjeferdracht tusken de Europeeske Uny en Oekraïne. Dêr foar siket de gemeente in oantal leden foar it stimbureau yn De Skoalleseize. Trije foar moarns (07.00 oant 13.00 oere), trije foar middeis (13.00 – 20.00 oere) en jûns wer deselde trije as moarns. Ek siket de gemeente noch in pear reserveleden.
Liket it dy nijsgjirrich om dit ris te dwaan? Of hawwe jo it al earder dien en wolle jo it nochris dwaan? Meld jimme dan oan fia info@easterein.nl.