Socht: keukentafels en meidoggers

Fanút doarpsbelang organisearje wy keukentafelpetearen yn groepen fan ûngefear 10 minsken oer wenje yn Easterein, no en yn de takomst. We sykje dêrfoar noch 2 minsken dy’t gasthear/gastfrou wêze wolle en 10 minsken útnoegje wolle om yn in gesellige sfear en ûnder profesjonele begelieding te harseskraabjen.

Ek binne der in pear keukentafels (wêr’t de gasthearen en gastfroulju al bekend binne) dy’t noch in pear lege stuollen hawwe. Kom op, meld dy oan foar in goed en gesellich petear mei freonen, famylje, kennissen of wat dan ek mar. As it mar Eastereiners binne. 😉

Wolst dyn keukentafel beskikber stelle? Of wolst ek meiprate/tinke/dwaan? Meld dy dan oan by Silvia Hania, fia email of telefoan 06 18 94 86 89.