Op sneon 15 febrewaris om 17.00 oere is it safier! De earste edyzje fan Easterein Rocks Junior.
Middeis sil der earst drok oefene wurde. Junioren en senioren fan Easterein Rocks sille tegearre in band foarmje.
Om 17.00 oere is dan yn de Tjerne it allerearste konsert fan Easterein Rocks Junior.
Eltsenien is fan herte wolkom. De tagong is fergees.
Undertusken hawwe al 12 bern harren opjûn! En der binne we tige wiis mei.
Helaas is it foar dizze edyzje net mear mooglik om dy op te jaan. Mar kom foaral wol efkes sjen fansels. En wa wit stiesto de oare kear hjir ek te rocken!