Sneintejûnssjongen 26 maart mei Wilhelmina, gelegenheidskoar en Balt de Vries op it oargel

Op sneintejûn 26 maart is der om 19.30 yn de Martinitsjerke fan Easterein wer  in Sneintejûnssjongen.

Meiwurkers binne: it gelegenheidskoar û.l.f. Sjoukje Heins, de fanfare “Wilhelmina” û.l.f. Pieter Bosma en oargelist Balt de Vries.

“Wilhelmina”sil û. o. it konkoursstik “Le Champion de Tir” fan Rob Goorhuis hearre litte. Dit wurk sil it korps ek op 15 july o.s. op it Wereld Muziek Concours spylje.

It koar hat in ôfwikseljend programma mei lieten út it lieteboek, mar ek in pear flotte Frysktalige nûmers.

It wrâldferneamde Duet út ”de Parelvissers” sil troch koar en korps tegearre útfierd wurde.

Op dizze jûn kin meienoar sjonge, mei begelieding fan Balt de Vries, fansels net ûntbrekke.

De tagong foar dit konsert is fergees. By de útgong is in kollekte foar de ûnkosten.