Sneintejûnsjongen mei Qlassy op 11 desimber 2016

qlassyDe sjongeressen fan Qlassy sjonge snein 11 desimber by it Sneintejûnssjongen yn de Martinitsjerke fan Easterein. Qlassy fersoarget de tsjinst, mei as begelieder oan it oargel Balt de Vries. De jûn begjint om 19.30 oere.

It libben bestiet út mominten. Moaie, bysûnder en mindere mominten. Mar stean wy eins wol genôch stil by sokke mominten? Ha wy it tsjinwurrich net te drok om dêr tiid foar te nimmen? By dizze wolle wy jim útnoadigje om dit wol te dwaan. Snein 11 desimber soargje wy foar in jûn fol mominten. In momint om efkes stil te stean by ferskeidende ûnderwerpen, mominten om efkes mei elkoar te sjongen en fansels ek om nei Qlassy te lústerjen.

Begjin 2012 brocht de passy foar sjongen ús yn de tsjerke fan Easterein byinoar. Sûnttiid foarmje wy it vocal quartet Qlassy, besteande út begeliedster Sjoukje Heins, Tryntsje Bouma, Janna Reitsma en Geeske Yntema,. Ús lûd kin omskreaun wurde as dynamysk: in kombinaasje fan tradisjoneel en eigentiidsk dy’t soarget foar in bliuwende yndruk.

Dus pak dit momint! Oant snein 11 desimber!