Yn oerlis tusken de jeugdrie en de tsjerkerie, is der in idee ontstean om eltse snein yn tsjerke in sneinsbern mei helpe te litten yn de tsjinst. Dit om de belutsenhied mei de tsjerke te fergrutsjen. It sneinsbern kryt de taak om mei de tsjerkerie binnen te kommen, de kearsen oan te stekken, de timmerkiste te iepenje en mei te helpen by it ponkjerinne. De bern wurde hjir foar benadere en eltse wike is der in oar bern oan beurt. Nei in skofke wurd besjoen hoe at dit útpakt.