Snein famyljetsjinst mei gearwurking Blazersklas

ynstjoerd troch Wilhelmina

Oankommende snein 9 maart om 9.30 oere wurdt der yn de Martini-tsjerke in spesjale famyljetsjinst hâlden.IMG_3193
Hiel bysûnder oan dizze tsjinst is dat de blazersklas fan groep 6 fan de Foareker harren meiwurking hjiroan ferliene sil.
Sûnt jannewaris bespylje de bern út dizze groep allegear ferskillende blaasynstruminten. Se kinne no al wat wyskes spylje 
en dêr hat ds. Praamsma spesjaal foar dizze tsjinst teksten op makke. Sadwaande kinne se snein écht it sjongen begeliede. Hiel knap fansels.
De blazersgroep stiet û.l.f. harren musykdosint, Andries Kramer. 
Elk is hjirby fan herte wolkom, want dan wurdt it pas in échte famyljetsjinst.
Musykkorps Wilhelmina