Snein 27 novimber famyljetsjinst m.m.f. Greidelûd o.l.f. Ph. Hingst

Kommende snein is der yn de Martinitsjerke in famyljetsjinst. Oan dizze tsjinst docht in dûnsgroep mei o.l.f. Nathalie Oliveiro en in dameskoar o.l.f. Philipus Hingst. De tsjerketsjinst begjint om 09.30 oere.

It dameskoar “Greidelûd” bestiet offisjeel net. It koar is ea byelkoar roppen om op te treden yn Itens. Dér soe in oar koar sjonge mar die koene op dat stuit net. Omdat de ôfspraak der wol lei hat Master Hingst wat froulju fan it froegere “Greideklanken” byelkoar roppen. Yn de “Greideklanken” songen alle famkes fan Easterein yn de leeftiid fan 10 oant 17 jier en wie rûnom bekind om de prachtige klanken fan de famkes. Der binne sels 2 LP’s makke. In Kryst LP en in LP mei gewoane ferskes. (In LP is een langspeelplaat en dér stûn op beide kanten muziek. Je moasten dit ôfspylje op in grammefoan as draaitafel.) Helaas bestiet dit koar net mear mar at jo snein komme kinne je miskien iets werwerom hjeare fan die moaie klanken.

It thema fan snein is “VREDE” en jim komme dochs ek?