Skoech opsette by de Jumbo

Oant tongersdei 3 desimber meie de bern harren skoech opsette by de Jumbo supermerke yn  Wommels. Sinterklaas as de swarte pieten sille der dan wat lekkers yn dwaan. Op sneon 5 desimber kinne de bern harren skoech wer ophelje en meie se in moaie tekening oan de sint jaan. De sint en syn swarte pieten binne dan tusken 10.00 oere en 13.00 oere yn de winkel oanwezich.