Skoalleseize tige bliid mei gift!

Op 17 maaie hat dizze webside oandacht jûn oan de Sneupskuorre fan Jelle Brouwer en Folkje Visser. Sjoch http://www.easterein.nl/2013/05/de-sneupskuorre/

Ien sin út dit artikel: “De opbringst fan de Sneupskuorre giet elts jier nei in goed doel. Krek as ferline jier giet it jild nei de feriening Skoalleseize.  In hiel soad ferieningen meitsje hjir gebrûk fan en dat wie foar Jelle en Folkje de reden om wer foar dizze ferieniging te kiezen”.

Foarige wike hat Jelle Brouwer de ponghâlder fan de Skoalleseize in slúfke mei € 300,- oerlange. Jelle en Folkje: tige tank! We binne der tige bliid mei.

Dus minsken: hawwe jimme guod op souder as yn it hok: bring it nei de Sneupskuorre fan Jelle en Folkje. Wat hja ferkeapje komt it hiele doarp te goede.

 

Stifting de Skoalleseize

(Fedde Wiersma, ponghâlder)