Kommende tiisdei sil de Anthea-group útein setten mei de oanlis fan it keunstgérsfild op de Skoalleseize. Dit wurd wér in hiele heppening want der moat nochal wat grûn ferset wurde. Dit hoecht lokkich net mei de hân. Wat wol mei de hân barre moat is it ferwiderje fan de tegels om it haadfjild hinne en it ferwiderje fan de reklamebuorden en it stek. Hjir wurd tongersdeitejûn in begjin mei makke. Likket it dy ek wat om skylk tsjin dyn bern as lytsbern te sizzen dasto mei dit moaie projekt meiholpen hast, meld dy dan jûn om 19.00 oere op it fjild by Mister frywiligerswurk Klaas Overal.