Kommende moandei 3 febrewaris hopet fuotbalferiening SDS dat der manmachtig leden nei it gemeentehûs komme. Skoalleseize hat sprektiid oanfrege yn it rûntepetear. SDS en de Skoalleseize stean net op ien lijn mei de plannen fan de gemeente. De Skoalleseize wol graach:
1. Renofaasje fan de klaaiboksen
2. Oanlis fan in keunstfjild op it plak fan it A-fjild
3. It ferlingen fan it B-fjild
4. Utwreiding fan it trainingsfjild ta in folwaardich wedstriidfjild.
El 2 nije klaaiboksen stiene op it winskelistje mar dizze binne yntusken al realisearre. Al dizze plannen omdat de fuotbalferiening noch steeds yn in stygende lijn sit wat tal leden oanbelangen. Ek moatte se steeds faker ûtwyke nei keunstfjilden yn Snits omdat de fjilden yn Easterein ôflast binne foar trainingen De gemeente stelt wol in bedrag beskikber foar dizze plannen mar dat is fansels fjistente min.