Bêste minsken,
Wat is it geweldich om te sjen dat de minsken út Easterein sa manmachtich de crowdfundaksje stipe hawwe om der foar te soargjen dat de sletten rûnom Easterein hekkele wurde. Mei syn allen kinne we no sjen dat de wurksumheden dêrfoar útein set binne. De risseltaten binne geweldich.
Mar wat we ek sjogge, is dat der in protte rotsoai út de fearten komt. Mei it hekkeljen sjogge we dat der bygelyks autobannen, fytsen, in protte plastic en oare rotsoai op de sleatskanten del smiten wurdt.
As fûgelwacht Easterein en stichting “wer troch de greiden farre” wolle we graach in skjinmakaksje hâlde, om der foar te soargjen dat de rotsoai net yn de natoer bedarret. Ús idee is dan ek om op 4 augustus 09.00 oere de sleatkanten by del te gean en alles wat we der út fiskje kinne te sammeljen en nei it stoart te bringen.
Mar fansels as bestjoer is dat hiel maklik betocht en binne we net sa manmachtich. Derom wolle we freegje: wolst helpe om alle rommel út de sleatskanten te sykjen, hast in kroade, in trekker as hast in karre om alles te sammeljen? Help ús 4 augustus om der foar te soargjen dat net allinnich de sleatten moai slotten binne, mar dat ek alles wat der út fiske is en wat net yn de natoer heart, op it stoart bedarret.
We wolle graach fan te foaren wol witte wa allegear helpe wolle sadat we in yndieling meitsje kinne. Graach in berjochtsje fia fugelwachteasterein2@gmail.com
We starte om 09.00 oere en sammelje foar by de kroech.
Nammens de fûgelwacht en stichtig “wer troch de greiden farre”, oant 4 augustus!