Skilderje mei: de moaiste fisk of Agent&Boef

Op 14 july 2017 fan 14.30 oant 16.00 oere kinst yn Bibleteek Wommels skilderje. De kosten binne 5 euro, ynklusyf materiaalkosten en drinken mei in koekje. Dat jildt foar likegoed leden as net-leden. It is foar bern fan 4 oant 9 jier.

Echte keunstner

Under lieding fan in echte keunster – Paul Smit – makkest in prachtich skilderij. Meist kieze of dat nei oanlieding fan it boek De Mooiste Vis van de Zee is of Agent & Boef.

Der is plak foar maksimaal 10 persoanen, dus jou dy gau op fia de link. Ek fynst dêr mear ynformaasje. Giest nei de tiid ek noch swimmen by De Klomp? Dan krijst ek noch in iisko!