Skelpen kroadzje op de âld dyk

Oankommende sneon 2 april komme der wer skelpen op it paad op de Alddyk te lizzen. Mar dy moatte noch wol te plak. We sykje dêrom út doarpsbelang wei in pear sterke trochpakkers, dy’t dêrby helpe wolle. Wolst helpe? Meld dy dan efkes yn it foar oan fia info@easterein.nl. We begjinne om 08.30 oere. Grut materieel is oanwêzich foar it rûge wurk. Tankewol alfêst!