Sjongers socht foar musical Ruth (en kinst hjoed begjinne!)

(ynstjoerd troch Sjoukje Heins)

De musical “Ruth” is in Bibelske musical, dy’t 16, 17 en 18 maaie 2014 opfierd wurdt yn de Martinitsjerke fan Easterein. Foar it koar, sykje we noch alten, tenoaren en bassen.  It soe moai wêze, dat de sjongers dy’t har/him hjir foar oanmelde, koarûnderfining ha en/of fan blêd (muzyknoaten) sjonge kinne! koor

Wy binne alfêst mei repetearen begûn. Dit binne de data:

  • 2 novimber   19.00 – 21.00 yn de Martinitsjerke fan Easterein (hjoed dus!)
  • 16 novimber 15.30 – 17.30
  • 30 novimber 15.30 –  17.30
  • 14 desimber  15.30 – 17.30
  • 28 desimber  15.30 -17.30

Wolle jimme meidwaan, dan binne jimme fan herte wolkom!
We begjinne yn jannewaris wykliks te oefenjen op sneon fan 15.30 – 17.30.

Wa hâldt fan sjongen en wol har/him ynsette foar dit projekt?

Opjaan kin by koarliedster Sjoukje Heins. Lit efkes witte wat jo stimtype is: alt,tenoar of bas.
sjoukje.heins@ziggo.nl