Sipke Hiemstra is woansdeitejûn op de ledegearkomste fan de KF Easterein beneamd ta “keatser fan it jier” 2014. Ut hannen fan Roelie en Corrie Kroondijk (keatser(s) fan it jier 2013) krige hy de grutte wikselbokaal. Sipke is altiid tige aktief en belutsen by it keatsen. Mei it keatsen pakt hy wol gauris in pryske op KNKB-, federaasje- as ledewedstriden. Ek as frywilliger makket Sipke syn plakje wol skjin. Mear kinne jim léze op www.kfeasterein.nl