Sneon 19 novimber is Sinteklaas mei syn Swarte Piten oankommen yn Easterein.
Sa’n 150 bern en in soad heiten,memmen, pakes en beppes en doarpsgenoaten wiene nei de Skippersbuorren kommen om Sinteklaas ta te sjongen.
It korps spile prachtige ferskes en it wie lekker waar, de yntocht koe net moaier!
Sinteklaas en de Piten kamen mei twa boaten nei de Skippersbuorren, dêrnei gong de optocht nei it kafee, mei Sinteklaas foarop.
Yn it kafee wie it grut feest, der wie sels in polonaise. Oan it ein fan de middei krigen de bern in kadootsje yn de skoen wylst de bern “sliepten”.
Foar allegear wie der bij de útgong noch in sukelaarjeletter.
Wij tinke dat de bern fan sneon op snein wol lekker sliept ha…
De foto’s dy’t jim hjirboppe sjogge binne makke troch Henk Bootsma.
De Sinteklaaskommisje
Wij wolle alle ynwenners fan Easterein en Hidaard tanksizze foar it steunen fan de aksje dy’t hâlden is ein oktober. Miskien ha jim wol sjoen dat ien Swarte Pyt in prachtich nij pak oan hie…