Sinteklaas op de Foareker

(ynstjoerd troch de Foareker)IMG_0924 (Large)

Woansdei 4 desimber. Hjoed wie it safier! Sinteklaasfeest op de Foareker.

De bern al bûten te wachtsjen op Sinteklaas en syn Piten. Healwei 10 is it safier. Sinteklaas komt deroan mei 2 swarte piten. Sinteklaas wie wat oerstjoer want der wienen 2 piten fuort!

Lokkich kaam postboade Lolke wol 2 hiel frjemde pakketsjes besoargje. It wienen de 2 fermiste piten, hielendal ynpakt yn pakpepier. De bern ha se gau útpakt sadat it feest begjinne koe.
De bern ha fan alles dien. Sa as pakjes by it goede hûs besoargje, dûnsje en sjonge, pipernúten ite, pitengimnestyk en noch folle mear. Oan it ein fan it feest wie it tiid foar de pakjes.
Al mei al in tige slagge moarn!

Bedankt Sinteklaas! Oan’t it oare jier mar wer!

IMG_1012 (Large) IMG_0940 (Large) IMG_0946 (Large) IMG_0991 (Large) IMG_0963 (Large)