Sint en Piet dochs yn Easterein

IMG_8352

 

 

Under grutte belangstelling is Sinterklaas mei syn pieten dochs yn Easterein oankommen. It likke der earst op dat Easterein it sûnder Sinterklaas en haadpiet dwaan moast. De “magicpiet yn oplieding” hie Sinterklaas, de haadpiet, de boat, Amerigo ensh.  fuort tovere en koe it net werwerom krije. De pieten hawwe ûnderweis mar 2 fiskers frege om harren efkes nei Easterein te faren. It wie best wol keal sa sûnder Sinterklaas en haadpiet oankomme op de Skippersbuorren. It wie Tom dy’t in pakje ôflefere. De bern hawwe it iepen makke en der wiene se. Sinterklaas en de haadpiet. Kompleet binne se nei de grùtte seal fan Ab ofreisige.

 

IMG_8391IMG_8386

IMG_8366