Sint Annaparochie wint Jong Feintepartij

It partoer fan Sint Annaparochie hat fan ‘e middei de Jong Feintepartij wûn. Yn de finale wiene se te sterk foar Seisbierrum-Pieterebierrum. Op de site fan de Keatsferiening Easterein stiet in kompleet ferslach fan de finale (en fan de rest fan de dei). Op de Facebookpagina fan de KF stiet in moai filmke fan de earehage fan frijwilligers foar de finale.

Lokwinske Sint Annaparochie!