Siebo Boersma spilet mei Muzt yn musical ‘Spamelot’

Siebo Boersma spilet op 13, 14, 15 en 22 april mei yn de Muzt-musical Spamelot. De foarstelling is basearre op de film Mony Python and the Hole Grail. It ferhaal is in parody op de legende fan kening Arthur, mar der binne in soad ferskillen mei de film. Spamalot giet oer de syktoch fan kening Arthur nei de hillige graal. Hy freget in tal Ridders fan de Rûne Tafel om mei him mei te gean. Underweis moetsje se allerhand frjemde types. Sille se dy hillige graal eins noch wol fine? It ferneamde liet ‘Always look on the Bright Side of Life, út Monty Python’s Life of Brian, is taheakke oan Spamalot.  Spamalot wurdt troch Muzt yn it Nederlânsk spile.