Show bij Bos Mechanisatie

Bos Mechanisatie út Easterein hâldt syn jierlikse show. Dit kear, net lykas oars yn it foarjier, mar no ris yn’e hjerst. De gedachte hjir efter is dat yn’e maaitiid de boeren en leanbedriuwen it faaks drok ha mei it wurk op it lân en it no better oan tiid ha om efkes te sjen.

Der wurde de nijste machines showt en der is ek in grutte kar oan occasions. Der is grut ark mar de partikulier kin hjir ek prima terjochte foar túnark.

Freed 11 en sneon 12 desimber stean de doarren foar jo iepen fan 10.00 oant 18.00 oere.