Willem Aukes en Richard van der Vries binne foar de 2de kear dwaande om in benefietjûn te organisearje foar 3 FM’s Serious Request. Serious Request freget dit jier omtinken oan de bernesterfte op e wrald troch in krapte oan medyske soarch en begelieding.
Willem en Richard hawwe in ferskaat oan bronnen oanboarre om oan jild te kommen. Ek binne se by de doarren lans west om lotten te ferkeapje. Fan de 1000 lotten moatte se noch san 300 oan de man bringe. Ek binne skoallen oanskreuwn om yn aksje te kommen. Ek ûndernimmers wurkje der oan mei troch it materiaal fergees oan te leverje.
It program op freedtejûn wurd fult mei u.o. De Hegemer Dekdweilers, Jan Nota, De Suskes en noch in protte oaren en begjint om goed 20.30 yn de grutte seal fan Noflik Easterein. De tagong is fergees.