Serious request + Bogerman Wommels

Learlingen fan Bogerman yn Wommels fieren yn de wike fan 14 oant en mei 27 juny aksje foar serious request. 3FM freget mei serious request oandacht foar de sterfte fan 800.000 bern  dy’t per jier wraldwied  stjêrre oan diarree. Dat binne san 2200 deis en dat komt wer del op 70 folle klaslokalen.Troch foarljochting, hygiene en it pleatsen fan wc’s kin dizze stille ramp bestrieden wurde. It glezen hús stiet dit jier fan 18 oant 24 desimber yn Ljowert en dan sille de bern fan Bogerman Wommels it jild oan de trije 3FM D.J.’s oerhandichje

De bern litte harren stypje foar in 24 oers les, in fietstocht fan 60 kilometer en se gean baantjes swimme yn it swembad fan Wommels. Op woansdei 26 juny om 08.00 oere start de 24 oers marathon. Middeis en jûns is eltsenien wolkom om de bern oan te moedigje en foar oare ferskate aktiviteiten dy’t organisearre wurde om jild yn te sammelje.