Sealkeatswedstriid foar leden KF Easterein

Op snein 11 desimber kin der wér keatst wurden troch de leden fan de KF Easterein yn sporthal de Greidhoeke. Dizze wedstriid is foar manlju/froulju en de jonges/famkes kategory. Der wurde 3 listen ferkeatst eltse kear op’e nij troch elkoar lotte. De wedstriid begjint om 13.00 oere.