Ek SDS 3 hat it sneon opréden om kampioen te wurden. Se spylen tsjin harren direkte konkurinsje Balk 3 1-1 en dat iene punt wie genoch om it kampioenskip binnen te heljen. Fansels nei de tiid efkes mei de Gaastelandexpress troch Easterein hinne nei de kantine ta.