Rûnom Easterein

De fytsklassiker Rûnom Easterein giet alwer op foar syn 9e edysje en wol op

Snein 9 oktober 2011

It parkoers fan sa’n 13 kilometer, mei de start foar Kafee Bergsma, liedt ús lâns Itens, Rien, Reahûs, De Kliuw en wer Easterein. Fansels fytse we ek wer troch de kroech hinne!

Lykas ferline jier fytse we wer yn ferskate klassen. Jim kinne jimsels opjaan foar de folgende klassen:

Manlju
Topklasse (3 rûntsjes, foar de écht rappe jonges ûnder ús)
A-klasse (3 rûntsjes, foar de wat minder snelle fytsers)
Dikke-banne-klasse (2 rûntsjes op in gewoane fyts, de rekreaasjeklasse sis mar)

Froulju
Topklasse (2 rûntsjes, foar de froulju op in racefyts)
Dikke-banne-klasse (sjoch manlju)

Wichtich hjirby is wol dat jim by opjefte sels oanjaan moatte yn hokker kategory jim starte wolle!  By twifel hâldt de organisaasje al it rjocht om yn te gripen!

It programma fan dizze dei sjocht der sa út:
13.00 oere     Sammelje by Kafee Bergsma en mei-inoar spagetty ite
15.00 oere     Start fytswedstriid (yn ferskate klassen)

Nei ôfrin is der muzyk yn Kafee Bergsma fan BUTTERFLY!!

De kosten foar dit spektakel binne  € 15,-, dit is ynklusyf it iten. Derby moat eltsenien sels foar in (race)fyts soargje. Let wol, dielname is wol gehiel op eigen risiko!

Sjogge jim it sitten om dizze útdaging oan te gean? Jou jim, manlju én froulju, dan no op troch in email te stjoeren nei runomeasterein@hotmail.com. Wy hoopje fansels wer op in protte dielname!

Opjefte kin oant woansdei 5 oktober!

Mei sportive groetnis,

Anne, Dirk-Yde, Feite, Robert en Sjoerd