Ruben Orsel fynt earste aai fan de jeugd

Ruben Orsel is no de Keizer fan de légere skoalle. Hij krijt allinich noch mar goeie sifers en wurd tenei mei “Jo” oansprutsen want Ruben hat sneontemiddei om 16.00 oere it earste aaike fan de jeugd fûn. Yn de jeugdkrite by boer Bonnema rûn hij mei syn aaisykersmaat Redmer Wiersma en fûn hij in twake. Nije wike sil der op gepaste wize oandacht oan jûn wurde op de Foareker.