Foar de tredde kear wurd der oan de Wynserdyk “Rocknacht Easterein” organisearre. Yn 2012 wie der yn de skuorre fan de fam. Yntema in reuny fan de band Jitiizer mei Stainless en Noardein. Dér wiene safolle moaie reaksjes dat it jier derop yn 2013 Rocknacht Easterein in feit wie. Op 18 maaie 2013 spille Scrum en NNB. Op 10 maaie 2014 wiene Kiek now us en Jitiizer te gast en op 23 maaie sille ACDC en de Hûnekop in optreden fersoarchje. Kaarten yn de foarferkeap binne €10,00 en binne te krijen by de Jumbo Wommels, De Tramhalte Boalsert en fia de webstek http://www.rocknachteasterein.nl