Ek dit jier sil Stichting Rocknacht Easterein wer in moai feest delsette, en wol 13 maaie! Fansels wolle wy jimme fan herte útnoegje om der by te wêzen!
Foar as it safier is binne wy 11 en 12 maaie 2 dagen oan’t opbouwen. De tinte bouwe, alles te plak sette etc etc. Der is fanalles te dwaan.. En dêr kinne wy noch wol hiel wat ekstra hannen foar brûke! Fansels krije jim dan in fergees kaartsje foar sneontejuns!!
…
Foar de minsken dy’t sneontejuns leaver net sels it feest yngean mar eventueel wol iets foar ús betekenje wolle dan hearre we it ek graach want foar de sneontejuns stean der ek noch in oantal plakjes frij wêr we noch wol fersterking brûke kinne. (Foar fragen oer hoe en wat? stjoer mar efkes in berjochtsje!)
Dus wolle en kinne jim ús tongersdeis 11 maaie en/of freeds 12 maaie helpe mei opbouwen of wolle jim ús sneontejuns tidens it feest helpe mei in taak dan hear wy it graach!
Alfêst tige tank!
Groetnis Petra Yntema
namens Stichting Rocknacht Easterein