Foar de twadde kear sil der yn Easterein op de Wynserdyk by de pleats fan Yntema in rocknacht organisearre wurde. Ferline jier wie it wat in spontane aksje fan de inmiddels stoppe band Jitiizer, om nochris lâns te komme yn in skuorre oan de Wynserdyk. Mei Stainless en Noarderein yn it foarprogramma in tige slagge jûn wer fansels in ferfolg op komme moat. 18 maaie is it safier. Dit kear sille Scrum en NNB optrede en omdat it waarskynlik net mear yn de skuorre kin, dit kear yn in feesttinte. Bandsjes binne te krijen yn de foarferkeap by Jumbo Wommels en Bolsert, allicht yn Snits of fia rocknachteasterein@hotmail.com. Mear info fia www.rocknachteasterein.nl