Op 22 juny is tidens it “Berltsumer Runtsje” it einbedrag bekind makke fan de aksje Rinsma foar Remco. Mar liefst € 51,575 ha alle aksjes opsmiten. Fansels ha Eastereinders der ek oan meiwurke mei de aksje Yn’t Spier. It foljebal en fuotbalevenemint yn april. Geert van Tuinen hat dit moaie bedrag oerhandige oan KWF kankerbestriding.