Yn it deistige libben is der in soad drokte en hektyk, de fraach nei rêst, stilte en besinning wurdt dan ek hieltiid grutter. Yn Easterein kinne jo no eltse earste freed fan de moanne dizze rêst fine yn de Martinitsjerke. It ljocht is dimt en de muzyk, (tink hjirbij oan klassyk, psalmen en gezangen) klinkt súntsjes. Jo meie ek jo eigen muzyk mei nimme. Der wurdt fierder neat dien en neat sein, allinne mar lústere, mediteart en yn stilte bidden. Jo kinne der yn- as út rinne wannear jo mar wolle en foar wa dat wol is der nei ôfrin in bakje kofje yn de sakristy. De Tsjerke is iepen fan 19.00 – 20.30 oere. Oanmelde is net nêdich.