Repetysjes Romke + Jeltsje binne begongen

– ynstjoerd troch jongereinkommisje Fuort mar Los –

De repetysjes foar Romke + Jeltsje binne begongen! Tolve jonge, entûsjaste spilers út Easterein, Kûbaard en Itens binne drok dwaande mei it learen fan de tekst, krigen dûnsles, toanielles en stimoefeningen.

It toanielstik is basearre  op Romeo en Julia fan William Shakespeare. By Shakespeare rint it mei Romeo en Julia net goed ôf, mar dêr dogge wy net oan. Romke + Jeltsje spilet him ôf yn Easterein en fansels oerwint de leafde, de freonskip en de humor.

Romke + Jeltsje wurdt opfierd op sneon 13 febrewaris 2016 om 19:15 yn Noflik Easterein. Jo kinne kaarten reservearje fia baukje57dejong@hotmail.com. De kaarten kostje € 6,00 foar folwoeksenen en € 3,00 foar bern oant 18 jier. Soenen jo efkes oanjaan wolle oft jo kaarten foar folwoeksenen en/as bern reservearje?

Wy hoopje jo op 13 febrewaris te sjen!

Ut namme fan de jongereinkommisje fan Fuort mar los,

Akke Veldmanromke+jeltsje