Renovaasje Clubhuis TV Smash ein jannewaris klear

renovatie tv smashIt deistich bestjoer fan TV Smash hat yn gearwurking mei de projektgroep de opleverdatum foar de renovaasje fan it Clubhuis van de feriening fêststeld foar ein jannewaris 2014. It boutechnsyke diel fan de renovaasje is yn hannen fan Boubedriuw Bootsma út Tirns en foar de ynstallaasjetechnyske wurksumheden sil Ynstallaasjebedriuw De Jong út Easterein oan de slach.

Frijwilligers fan de eigen feriening binne drok dwaande mei de tariedende wurksumheden, lykas it reparearjen, ferfangen en stellen fan de flierbalken. Se binne no sa fier dat de balklaach mei theodoliet en wetterpas steld wurde kin.

Sjoch foar mear ynformaasje de nijsbrief fan de renovaasje.