Rene Rijpma fynt earste ljipaai fûgelwacht Easterein

Op tongersdeitemoarn om goed 08.30 hat Rene Rijpma it earste ljipaai fan de fûgelwacht Easterein fûn. Yn it lân fan Rijpma oan it Hartwerderkleaster lei  it aaike. Rene wacht no ivige roem yn de kast fan de fûgelwacht yn de Skoalleseize. It earste jeugdaaike is noch net fûn. De bern oant 12 jier ha in eigen jeugdkrite by boer Bonnema op de pôlle. Foar de aaisykers fan de fûgelwacht begjint no de neisoarch en rint oant begjin july. Wost ek in kear mei it lân yn om te neisoargje? Nim dan kontakt op mei Gerard van Asselt